Rockploech Spul - Wie 't mar freed - 1993 (2e reuny)
Rate:
4.0
1 ratings
Views:
483
From : goaitsenvandervliet
Added: May 30, 2007
By gelegenhyd fan de 40ste jierdei fan Bauke kaam de earste frysktalige rockband Spul (1977-1982) noch ien kear foltallich foar it ljocht op 4-9-1993 mei Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar), René Doesburg (pielgitaar), John Anemaet (oargel), Bauke Kuiper (basgitaar) en Reinder Wassenaar (slachreau). Opname Hein van der Vliet. Wie 't mar freed fiif oere (1978) Alle dagen troch de wike binne gelyk. Moarns al betiid op 'e fyts nei 't fabryk. De prikklok dêr dy winsket ús in soad wurknocht ta. Mar wy bin min te brûken oan kofjetiid ta. O wie 't mar freed fiif oere! Wy krij' in bakfol kofje fan it kofj'apparaat. It is gjin drinken mar hy is ús bêste maat Gau gau in sigretsje oars dan kin 't net mear. De bân rint hieltyd troch, dat wy bin noait in kear klear. O wie 't mar freed fiif oere! Ik kin net oer dit wurk, it is my fierstente dreech. Jûns by de frou krij 'k him net mear omheech. Mar goed da'k myn TV ha om my by del te jaan. Dan hoech 'k net mear te tinken, dan hoech 'k neat mear te dwaan. O wie 't mar freed fiif oere! Mear oer Rockploech Spul op http://members.home.nl/goaitsen/frysk/spul .
Category : Music